"Te folle ôffalovens, REC yn Harns moat as earste ticht"

05 mrt 2016 - 12:34

Der komt wis in oerkapasiteit fan ôffalovens yn Nederlân. De earste oven dy't dan ticht moatte soe is dy fan Harns. Dat seit heechlearaar miljeukunde Lucas Reijnders yn de telefyzjedokumintêre 'Under de reek fan de REC', dy't sneon en snein útstjoerd wurdt.

Neffens Reijnders is de REC de minst skjinne ôffalstoffesintrale fan Nederlân en hawwe de tsjinstanners gelyk krigen yn harren gefjocht tsjin de REC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)