Bisdom Ljouwert-Grins neamt fuortgean De Korte 'drôvich'

05 mrt 2016 - 11:33

It bisdom fan Ljouwert-Grins fynt it 'drôvich' dat biskop De Korte nei Den Bosch ta giet. Foar de biskop betsjut de oerstap wol in promoasje. It bisdom fan Den Bosch is mei 1 miljoen parochianen tsien kear sa grut as dat fan Ljouwert-Grins.

Neffens in wurdfierder fan it noardlike bisdom is De Korte in man fan ferbiningen. Hy sil fan 14 maaie ôf yn Den Bosch oan it wurk. Wa't him yn Ljouwert en Grins opfolgje sil, is noch net dúdlik. Dat wurdt nei alle gedachten pas nei de simmer bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)