Atsma: "Nije mediawet is houtsje-toutsje-wet"

05 mrt 2016 - 09:22

De nije mediawet fan steatssekretaris Dekker is der noch lang net. Dat seit Earste Keamerlid Joop Atsma. Steatssekretaris Dekker wol it diel oer de nasjonale publike omrop 'op pauze' sette, en it diel oer de regionalen wol ynfiere.

Atsma neamt dat in 'rommelige boel'. Hy fynt dat de Ried fan Steat him útsprekke moat oer - wat er neamt - de 'houstje-toutsje-wet'. It liket derop dat de Earste Keamer net samar mei de wet ynstimme sil, seit Atsma.

Net rjochtsjildich

Atsma reagearret mei syn útspraken op útlittingen fan twa steatsrjochtgelearden oer hoe't Dekker te wurk gean wol. Dat is net rjochtsjildich, fine professor Douwe Jan Elzinga en mr. Frank de Vries. Dekker wol de nije mediawet alfêst yngean litte, wylst dy noch net klear is. It diel fan de lanlike omroppen is der efkes úthelle en inkeld de besunigings op de regionale omroppen bliuwe stean.

Undeugdlik

Professor Douwe Jan Elzinga en mr. Frank de Vries fine dat dat steatsrjochtlik ûndeugdlik is. Dêrom moat de Earste Keamer noch net stimme oer de wet of moat steatssekretaris of Dekker it wetsfoarstel ynlûke. De twa steatsrjochtgelearden hawwe op fersyk fan de partij 50plus it plan fan Dekker ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)