UPDATE: Ferwûne man leit njonken auto nei ûngelok

04 mrt 2016 - 22:09

De man dy't freed slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Langwarderdyk by Langwar, is in 25-jierrige ynwenner fan De Jouwer. Dat hat de plysje bekend makke.

Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de man mei de auto fan de dyk en botste tsjin in beam. It slachtoffer waard út syn auto slingere en bedarre op de dyk. Foarbygongers fûnen him op de grûn njonken de auto. It slachtoffer is mei in ambulânse nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)