Eilanner hoareka let goed op leeftiidsgrins foar alkohol

04 mrt 2016 - 22:04

De hoareka op de Fryske Waadeilannen let goed op de leeftiidsgrins fan 18 jier as it giet om alkohol. De wet wurdt op de eilannen foar 73 prosint neilibbe. Lanlik sjoen leit it op 24 prosint. Dit komt neffens de belutsen ûndernimmers en de gemeente troch in goede gearwurking.

De hoareka op de eilannen hat mei de ynstânsjes ôfpraat dat se in bepaald jildbedrach ynvestearje yn ûnder oare foarljochting oan de belutsen leeftiidsgroepen. As de kroegen dêrnei foldogge oan de leeftiidsgrins krije se in part fan harren jild werom.

"In goede metoade wêrby't de ferantwurdlikheid by de ûndernimmer leit, mar dy net fuortendaliks hurd straft wurdt by in misstap", sa seit Chris Wiersma, foarsitter fan de ôfdieling Skiermûntseach fan de Keninklike Hoareka Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)