Natuerorganisaasjes lilk oer beslút fosfaatrjochten

Kij yn de greide © Henk Bootsma
Natuerorganisaasjes binne net te sprekken oer it beslút fan steatssekretaris Van Dam oer fosfaatrjochten. Alle feehâlders yn Nederlân krije in tal fosfaatrjochten tawiisd, dy't fêststeld binne op basis fan it oantal kij dat de bedriuwen hiene op 2 july 2015. Mei de rjochten kin hannele wurde.
De natuerorganisaasjes binne benaud dat grutte bedriuwen dizze rjochten opkeapje sille en dêrmei allinnich noch mar fierder groeie. De rjochten binne neffens de organisaasjes te djoer foar de lytsere feehâlders.
"Hiermee beloon je de intensieve boeren die explosief gegroeid zijn sinds de afschaffing van het melkquotum. En niet de grondgebonden melkveehouders die oog hebben voor natuur en milieu. Hierdoor belanden er straks nog meer koeien in een megastal", sa seit Teo Wams, direkteur natuerbehear fan Natuurmonumenten op de webside fan de organisaasje.