Skries Amalia is op weromreis nei Fryslân

Skries © Henk Bootsma
Amalia is op wei nei Fryslân. De knuffelskries Amalia fan de Kening fan de Greide dan wol te ferstean. De fûgel hat in stjoerder om krigen en kin dêrtroch presiis folge wurde troch ûndersikers.
It bist is op dit stuit noch yn Spanje, mar de ferwachting is dat it net al te lang mear duorret oant se oan it lêste part fan har tocht werom nei Fryslân begjint. Greidefûgelleafhawwers wolle 48 oeren nei't Amalia oankaam is yn Fryslân in spesjale seremoanje foar de fûgel hâlde. Se hoopje dat it in nije maitiidstradysje wurde kin.