Noardwâlde nimt merk op nij Manauplein yn gebrûk

De wykmerk yn it sintrum fan Noardwâlde hat in nije lokaasje: it Manauplein. Dat plein is opnij ynrjochte nei de sloop fan in eardere boumarkt en biedt no mear romte foar parkearjen en eveneminten.
De oanpassing makket diel út fan in grutter plan dat ûndernimmers yn it doarp yn gearwurking mei de gemeente Weststellingwerf en de provinsje makke ha. De nije lokaasje fan de merk waard freed feestlik yn gebrûk naam en keapers en keaplju bin bliid mei dit plak.
Ek de rest fan ûndernimmend Noardwâlde is bot te sprekken oer de oanpassingen en fernimt boppedat in oplibbing yn it winkelstân. Dêr't gatten falle troch it fuortgean fan winkelketensaken, begjinne geregeld starters wat foar harsels. De ûndernimmersferiening fan Noardwâlde is dan ek optimistysk oer de takomst fan it sintrum.