Plysje wol noch neat sizze oer ûndersyk nei dea brúnfisk

© Hans van Riet, diere-ambulânse Peins
De plysje wol noch gjin meidielingen dwaan oer it ûndersyk dat de Universiteit van Utrecht dien hat nei de deade brúnfisk, dy't begjin dizze wike fûn waard op de seedyk by Seisbierrum. De brúnfisk wie slim mishannele, de foetus wie der út helle en it bist wie efter in auto oan sleept.
De plysje hat ferskate tips oer de mishanneling krigen en hat oan de hân fan dy tips en it ûndersyk fan de universiteit yntusken in idee yn hokker rjochting de dieder socht wurde moat. De plysje hopet nei it wykein mei mear dúdlikens te kommen.