Flylân hat nije ynformaasjebuorden foar mear rêst eidereinen

© Steatsboskbehear/A. Lijnema
Steatsboskbehear hat by De Glooiing op Flylân nije ynformaasjebuorden delset foar de beskerming fan eidereinen op dat plak. De Glooiing leit oan de westkant fan it doarp en is in wichtich rêstplak foar de einen.
Flylân stiet bekend om it grutte oantal briedende eidereinen yn de maitiid. De buorden warskôgje minsken no dat se mei heechwetter fia de dyk rinne moatte, yn stee fan fia de waadkant. Sa kinne de fûgels mear rêst krije.