Enkête oer duorsume enerzjy ûnder ynwenners Kollumerlân

04 mrt 2016 - 09:49

Om út te finen hoe't de ynwenners tinke oer duorsume enerzjy, hâldt de gemeente Kollumerlân in enkête. It giet benammen om sinne-enerzjy. Fraach is bygelyks hoe't de ynwenners tinke oer in sinnegreide en oft se meidwaan wolle oan in enerzjykoöperaasje. Studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein fiere de enkête út. Sy ûndersykje ek wat mooglike lokaasjes binne foar in sinnegreide.

No moandei krije de ynwenners fan Westergeast de enkête yn de bus. Yn it doarp is de Enerzjy Koöperaasje Westergeast oprjochtte foar duorsume enerzjy.

De studinten wolle witte hoefolle ynwenners dêroan meidwaan wolle. Oare wike freed stean de studinten mei de enkête by ferskate supermerken yn Kollum en Kollumersweach. Op woansdei 16 maart is der in byienkomst wêryn't praat wurdt oer kollektive sinnepanielen op dakken. Dêrnei komme de studinten mei in advysrapport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)