Sportklups Achtkarspelen moatte sels fjilden ûnderhâlde

© Binne-Louw Katsma
Yn Achtkarspelen moatte fjouwer sportferieningen fan dizze wike ôf harren eigen sportfjilden ûnderhâlde. It giet om in proef yn de doarpen Boelensloane, Bûtenpost, De Harkema en Koatstertille. De gemeente wol it jild dat se hjirmei besparret, ynsette foar de renovaasje fan sportfjilden.
Wethâlder Marten van der Veen wol dat yn 2017 alle fuotbal- en kuorbalferieningen in de gemeente sels it deistich ûnderhâld dogge.
"Troch selswurksumens kinne ferieningen de gemeente helpe de hier leech te hâlden en needsaaklik grut ûnderhâld mooglik te meitsjen", sa seit de wethâlder. Oan de ein fan dit jier sille de klups mei de gemeente om tafel om te sjen wat it opsmiten hat.