Elfstedenhal dit wykein yn it teken fan it WK senioaren

03 mrt 2016 - 15:01
  • Alvestêdehal

Yn de Elfstedenhal yn Ljouwert dogge dit wykein 200 reedriders fan tusken de 30 en de 85 jier mei oan it WK allround foar senioaren. Dielnimmers komme ûnder oaren út Japan, Kanada en Australië. It WK masters, sa as it toernoai offisjeel hjit, is tige populêr: mei 200 dielnimmers sit it hielendal fol, en der steane ek nochris tritich minsken op de reservelist.

Sûn âlder

Joke Wittenberg fan de organisaasje tinkt dat dit komt trochdat minsken tsjintwurdich folle mear dwaande binne mei sûn âlder wurde. Sa bewege senioaren mear, en fine se it ek aardich om mei te dwaan oan wedstriden en toernoaien.

It toernoai set freed útein en duorret oant en mei snein. De organisaasje hopet op inkele tûzenen besikers oan de Elfstedenhal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)