Nije tsjinstregeling foar busferfier fan Arriva

© Omrop Fryslân
Fan snein ôf feroaret de tsjinstregeling fan de bussen fan Arriva yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Dat betsjut dat guon bussen op oare tiden ride, om se better oanslute te litten op oare bussen en op de tiden fan de treinen. Yn Ljouwert ride guon bussen langer troch, sadat in oantal wiken oansluting krijt op lettere treinen.
Ek foar de streeklinen feroaret der it ien en oar. De lêste twa ritten fan Snits nei De Lemmer wurde kombinearre ta ien rit, tsjin healwei sânen. In oantal ritten tusken Ljouwert en Boalsert wurdt omset yn sneltsjinsten. De bussen dogge ûnderweis dan allinnich de halte Wommels oan, oan de provinsjale dyk. Reizgers kinne alle feroarings fine op arriva.nl.