FrieslandCampina makket mear winst yn 2015

It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort © ANP
Suvelkonsern FrieslandCampina hat ferline jier 343 miljoen euro winst makke. Dat is goed 13 prosint mear as yn 2014. Dat docht bliken út de jiersifers dy't tongersdeitemoarn bekend makke binne. De omset gie wat nei ûnderen, mei 0,7 prosint nei goed 11 miljard euro.
De hegere winst komt ûnder oare troch legere kosten en in groeiende ferkeap yn Azië. De koers fan de euro yn fergelyk mei oare faluta, pakte ek geunstich út. De molkpriis foar de melkfeehâlders gie yn 2015 mei hast 19 prosint nei ûnderen.
Delgong molkpriis beheine
De priis foar in kilo molke leit no op sa'n 34 sint. Omdat FrieslandCampina de winst troch rekkenet oan de boeren, koe de delgong fan de molkpriis noch in bytsje beheind bliuwe, seit it suvelbedriuw. Topman Roelof Joosten fan FrieslandCampina seit dat 2015 in bysûnder jier wie foar de suvelsektor en foar FrieslandCampina. Hy doelt ûnder oare op it ôfskaffen fan it molkkwotum sûnt 1 april.