VVD makket him soargen oer finansjele takomst Wetsus

03 mrt 2016 - 09:27
  • It Wetsusgebou yn Ljouwert

Keamerleden fan de VVD stelle fragen oer de, yn harren eagen, ûnwisse finansjele takomst fan wettertechnology-ynstitút Wetsus. Neffens de keamerleden spilet Wetsus in wichtige rol, as it giet om it garjen fan kennis oer wettertechnology en de tapassing fan dy kennis. De finansiering fan it Ryk rint dit jier ôf en der binne foar de perioade nei 2016 noch gjin nije ôfspraken makke.

De VVD'ers binne benaud dat Wetsus tusken wâl en skip bedarret, omdat meardere departeminten by in eventuele subsydzjeferliening belutsen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)