Oranje fuotbalfroulju winne earste kwalifikaasjewedstryd

02 mrt 2016 - 21:42

It Oranje frouljusfuotbalteam, mei ûnder oaren middenfjilder Sherida Spitse fan Snits, hat de earste Olympyske kwalifikaasjewedstryd woansdeitejûn wûn mei 4-3 fan Switserlân. Nei 4 minuten kaam Switserlân op foarsprong mei in goal fan Fabienne Humm. Manon Melis makke nei in healoere de 1-1 út in penalty.

Healwei de twadde helte kamen de Oranjefroulju goed op gong. Yn 5 minuten makken se trije doelpunten, ûnder oaren troch in foarset fan de Snitser middenfjilder. In kertier foar de ein makken de Switsers de 4-2.

En dêrnei waard it noch even spannend, want it waard ek noch 4-3, en dêrnei krigen de Switsers goeie kânsen op de lykmakker, mar keepster Sari van Veenendaal wist knap de foarsprong op it skoareboerd te hâlden.

Loes Geurts

Keepster Loes Geurts fan Hichtum stie net yn de basis. Se rûn nei it WK yn Kanada in blessuere op oan de holle en hat in skoft lang net oproppen west.

Rio

De Oranjefroulju stride mei Switserlân, Noarwegen en Sweden om ien ticket foar de Olympyske Spelen yn Rio. Op 5 maart stiet de wedstriid tsjin Noarwegen op it program en op 9 maart moatte se tsjin Sweden spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)