Feanhoopfestival sûnder Normaal, mar mei Within Temptation

Within Temptation © Tour Productions
Within Temptation en Di-Rect stean dit jier op de 65e edysje fan it Feanhoopfestival. Ek George Baker en de Hûnekop stean fan it simmer op it poadium. De line-up krijt hieltyd mear stal. Yn totaal sille sa'n 20 oant 25 muzikanten en bands optrede op it festival dat holden wurdt fan 29 july oant en mei 1 augustus.
It is foar it earst yn 39 jier dat de Achterhoekske band Normaal net op it poadium stiet. De band is opholden omdat frontman Bennie Jolink it toeren fysyk net mear oan koe.