Le Roy-tún op It Fean fiert 50-jierrich bestean

De Le Roy-tún oan de Kennedyleane op It Hearrenfean bestiet fyftich jier: reden foar in feestje. Der wurde fruitbeammen plante, der komt in fototentoanstelling en der wurdt in metalen keunstwurk yn de tún pleatst. Ek wurdt der in seminar holden. Der is in soad ynteresse yn it oanlizzen fan tunen op de Le Roy-wize.
De tún op It Hearrenfean bestiet al hiel wat desennia, mar is net klear. Ien moarntiid yn 'e wike wurkje buertbewenners fierder oan de tún. Op it stuit binne se dwaande om it teater yn de tún út te wreidzjen. Dat dogge se mei pún.