Argewaasje oer bûtendyks lân dat natoerbestimming krijt

© Omrop Fryslân
As der net mear buorke wurde mei op it bûtendyks lân by Ferwert en Blije, omdat dat lân in natoerbestimming krijt, dan moat der op oare plakken natoergrûn feroare wurde yn boerelân. Dat wol de VVD yn Provinsjale Steaten.
De partij fynt dat boeren en túnkers de romte krije moatte om te ûndernimmen. En is tsjin op ekstra natoer. De lêste moannen binne der lykwols nije lanlike en provinsjale plannen, dy't it gebrûk fan it bûtendyks lân troch boeren bedriigje. Yn de gemeenteried fan Ferwerderadiel is dêroer ek al argewaasje ûntstien.