"Wenlêsten yn Dantumadiel groeie mei 20 prosint troch fúzje"

Dantumadiel '82 is tige kritysk oer de plannen foar in fúzje fan Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Dat seit fraksjefoarsitter Kees Wielstra. It kolleezje fan boargemasters en wethâlders hat lykwols in posityf advys jûn oer de fúzje.
Neffens Wielstra binne de foardielen foar Dantumadiel him lykwols noch net dúdlik. "De gemeente Dantumadiel hat it húshâldboekje goed yn oarder. De oare trije gemeenten hawwe dat minder. Dertroch sille bygelyks wenlêsten yn Dantumadiel sa'n 20 prosint tanimme."
Lange termyn 
Boargemaster Sicko Heldoorn tinkt lykwols dat minsken mear nei de lange termyn sjen moatte. Neffens him sil it yn it begjin wat lestich wêze, mar sil Dantumadiel der yn de takomst fan profitearje. Dat hat foaral te krijen mei it feit dat in fúzjegemeente mear draachkrêft ha sil, no't der hieltyd mear taken by gemeenten dellein wurde en der in soad oare fúzjegemeenten bykomme.
Stimme
De gemeenteried moat 29 maart stimme oer de fúzje. Neffens Wielstra bin in soad fraksjes noch ferdield oer it ûnderwerp, mar moat der in soad saken feroarje oan it plan foardat Dantumadiel '82 foar de fúzje stimme sil. "Gewoan selsstannich bliuwe heart ek ta de opsjes", sa seit Wielstra. Der is 15 maart in gearkomste yn it gemeentehûs dêr't boargers harren miening jaan kinne.