Headamsbrêge by De Feanhoop wol net mear iepen

02 mrt 2016 - 15:57

De Headamsbrêge by De Feanhoop kin net iepen om't de rem fan de brêge stikken is. Benammen grutte frachtskippen dy't nei Drachten moatte hawwe dêrtroch no in probleem. In oare rûte is der nammentlik net. Der komt woansdei noch in monteur om it probleem te ferhelpen. De provinsje ferwachtet dat de brêge tongersdei wer iepen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)