Gynekolooch Stekelenburg beneamd as heechlearaar yn Grins

Gynekolooch en tropedokter Jelle Stekelenburg fan it MCL yn Ljouwert is beneamd ta bysûnder heechlearaar by de universiteit yn Grins. De learstoel rjochtet him op it besprekber en sichtber meitsjen fan it grutte oantal poppen en memmen dat komt te ferstjerren yn de tropen.
Stekelenburg is yn it MCL ien fan de oplieders foar tropedokters. Under syn lieding dogge fiif dokters út Tanzania, Etiopië, Afganistan, Paikistan en Yndonezië ûndersyk.