Chris Brown kommende freed gasthear yn Club Red yn Ljouwert

De Amerikaanske sjonger Chris Brown komt nei Ljouwert. No freed sil er gasthear wêze yn Club Red. Ferwachting is dat der in soad publyk op de ferneamde sjonger ôfkomt.
Chris Brown syn grutste hit yn Nederlân wie ferline jier it nûmmer "Fun". Fierder krige er bekendheid troch syn betiden gewelddiedige relaasje mei de sjongeres Rihanna.