Gerald van den Belt is per direkt opstapt by FC Twente

Gerald van den Belt fan Cambuur © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Gerald van den Belt, de eardere direkteur fan SC Cambuur, is mei trije oare bestjoerders opstapt by FC Twente. Sy folgje dêrmei it advys út it rapport dat Ben Knüppe yn opdracht fan de KNVB makke. It fuotbalbûn hie opdracht jûn foar it ûndersyk, nei't bliken die dat der in soad misstannen wiene binnen it bestjoer, benammen ûnder de eardere foarsitter Joop Munsterman. Dêrtroch ûntstie in finansjele gaos binnen de klup.
Der wurdt noch wol sjoen oft Van den Belt in oare funksje binnen de klup krije kin.