Doarpsbelang hâldt enkête yn Wytmarsum oer komst AZC

02 mrt 2016 - 14:05

Ynwenners fan Wytmarsum kinne nije wike in enkête fan doarpsbelang ynfolje oer de komst fan in asylsikerssintrum. Doel is dat dat yn it eardere kleaster komt, mar yn de enkête komt ek rekreaasjepark It Fliet as opsje. Der hawwe earder petearen mei eigener Boersma fan it park west. It COA is net fierder mei him gien, mar doarpsbelang giet der fanút dat it noch hieltyd in serieuze opsje is.

Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân hat sein dat de miening fan de ynwenners swier telt by it beslút. Dy miening moat 28 maart bekend wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)