Skriuwster Auck Peanstra ferstoarn

Skriuwster Auck Peanstra is ôfrûne moandei ferstoarn oan de gefolgen fan in slimme sykte. Dat meldt literatuerside Sirkwy. Auck Peanstra, dy't einliken Aukje Hoogland-Peenstra hjitte, publisearre yn de jierren santich har earste gedichten yn de Lyrische Courant.
Begjin jierren njoggentich kaam har earste ferhaal út, folge troch in lange rige boeken. Peanstra skreau foar folwoeksenen, mar publisearre benammen boeken foar bern. Se wie ek ien fan de minsken achter it Tomkeprojekt.
Ferline jier wûn se de Rely Jorritsmapriis mei har gedicht 'Wûnderdokter', dat oer har siikwêzen gie. Auck Peanstra is 61 jier wurden.