Keepster Loes Geurts net yn de basis by Oranje froulju

Loes Geurts út Hichtum begjint woansdei net yn de basis yn de earste kwalifikaasjewedstriid foar de Olympyske Spelen yn Rio. De keeper rûn nei it WK yn Kanada in blessuere op oan de holle en hat in skoft lang net oproppen west foar de Oranje Liuwinnen.
Middenfjilder Sherida Spitse út Snits stiet wol yn de basis. De Oranje-froulju spyllje woansdei de earste kwalifikaasjewedstriid tsjin Switserlân yn it Kyocera Stadion yn Den Haag.
Op 5 maart stiet de wedstriid tsjin Noarwegen op it programma en op 9 maart moatte se tsjin Sweden spylje. Allinnich de winner fan de pûl krijt in ticket foar de Olympyske Spelen yn Rio.