Kwotum foar iel pakt goed út foar Fryske fiskers

It feit dat Fryske binnenfiskers bûn binne oan in ielkwotum pakt finansjeel goed út. Dat docht bliken út in rapport fan it ûndersyksynstitút LEI, ûnderdiel fan de Wageningen Universiteit. Jierrenlang ha de trettjin ielfiskers op de Fryske wetters as proef mei sa'n kwotumsysteem wurke en takom jier ha sy dêrfoar ek wer in ûntheffing krigen.
Yn de rest fan Nederlân wurdt der trije moanne net fiske en is der gjin kwotum. In Fryske binnenfisker fertsjinnet mei syn wurkwize tusken de 3600 en 4600 euro ekstra, wylst de ielstân gelyk bliuwt.
Foarsitter Jon Visser fan it Bûn fan Fryske Binnenfiskers wol dat de Fryske wurkwize no ek struktureel regele wurdt. Binnenfiskers út oare parten fan Nederlân binne ek posityf, mar it ministearje fan Ekonomyske Saken is noch net safier. Neffens Visser omdat sy fraachtekens sette by de kontrôle fan de kwota.