Dassen ferniele it lân, mar boeren meie neat dwaan

02 mrt 2016 - 11:31

Boeren en ek oare bedriuwen yn it suden fan de provinsje hawwe hieltyd mear skea fan dassen. De bisten ferniele it lân mei harren gegraaf en der mei neat tsjin dien wurde, omdat de das noch altyd in beskerme bist is. It bist hat lykwols gjin natuerlike fijannen mear en dêrtroch komme der hieltyd mear.

De steatefraksje fan de VVD wol dêrom dat de provinsje yngrypt troch de regels oan te passen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)