Ljouwerter rekket ûnjildich rydbewiis en euro's kwyt

02 mrt 2016 - 10:27

In 50-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemiddei op de Stasjonswei oanhâlden om't hy mei in rydbewiis ried, dat al sûnt 2013 net mear jildich wie. It rydbewiis is yn beslach naam en wurdt opstjoerd nei it CBR. De Ljouwerter hie ek noch in tal boeten iepenstean en hat dizze fuortendaliks betelle.

Trefwurden: 
rydbewiis boete Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)