Kollum: "Buorden"

02 mrt 2016 - 10:18

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Snein wie’t moai waar. Dus der rûnen allerhande lju efkes yn it sintsje troch Warkum. Guon seagen ynienen in museum. Och heare, dêr kin we wol efkes yn sjen. Lykwols op de doar hong in papier: 'zondag 28 februari gesloten'. Want der wie ien of oare happening. No der wiene der genôch dy’t der dochs yn kamen, want ja der wie wol folk binnen. No ja, dan oare kear mar, mar de lju binnen ha wol hieltyd sein: It stiet ek wol op ús webside. Leave minsken, it libben fan gewoane minsken yn Fryslân is oars. Lju bin gewoan foar de lol nei Warkum riden, moai waar, kin je salich op in terraske op de Merk sitte. Dan kom je lâns it museum en dan wol je der ek noch wol efkes yn sjen. Dan ha je earst net op de webside sjoen. Of sjogge jim altyd earst op allerhande websiden, foardat je earne hinne gean?

It wurdt noch yngewikkelder. Harns, like moai as it moai waar is, hat de keapjûn op tongersdei fuortsmiten en ferpleatst nei de freed. Dokkum, al sa moai as it moai waar is, hat no ien kear yn de moanne in keapsnein. Yn Drachten, wat opkreaze mei de feart wer iepen, wol 98 persint fan de winkellju elke snein iepen, dêr sil ek wol in CDA-tuskenoplossing komme. Mar hoe witte wy dat? Unthâlde we soks allegear? Ja, inkel as je altyd op deselde oere en dei boadskipje, mar oars? Mar bygelyks Dokkum is aanst op de earste snein fan de moanne hûndert kear sa oantreklik as op de oare trije sneinen. Mar je ride tsjintwurdich samar earne hinne en dan wol je net neitinke oer dit wol en dat net iepen.

Hoe moat je kommunisearje mei minsken? Ik sil it jim fertelle. As je fan Snits nei it easten ride, dan gean je sa no en dan ris oer Offenwier. Je meie de Bûtlânsdyk net hurd oerride, dus je kin moai wat om je hinne sjen. As je dat dogge dan sjoch je ynienen by de krusing nei de Snitsermar (en de oare kant nei Sibrandabuorren) in ferrassend ferkearsboerd. In fel giel boerd, mar it giet net om de safolste dykomlizzing. Dit hie ’k noch noait earder sjoen. Netsjes stiet der op tekene dat je in krusing naderje. Mar dan stiet der by “verkeer van rechts heeft voorrang”. Wûnderbaarlik. Dat hat dêr nammentlik al jierren sa west. Miskien ha der eartiids wolris haaietosken stien, mar doe koe ik noch net autoride. 'Verkeer van rechts heeft voorrang'. Dat is it earste wat je leare op de fytsferkearsskoalle. En ynienen sette se dat op in boerd.

Ik ha fan Offenwier oant Ljouwert sitten nei te tinken wêrom't se dêr no dit boerd delsetten ha. Eins hie ik temin omtinken foar it ferkear, mar dat ferrekte boerd wie skuldich. Wat in frjemd boerd. Net in Frysk boerd, der stiet Hollânske tekst op. Komt dat no aanst op elke krusing? Is it inkel bedoeld foar de alkoholysk oantaaste Snitswikebesikers? Wiene we fergetten dat rjochts foar gie? Gjin idee. It is foar it oare ek net slim, want wy Nederlanners sjogge noait op in boerd. As Steatsboskbehear op Skylge in boerd delset om te warskôgjen dat op in stikje strân bysûndere fûgeltsjes, lykas brune wylsterkes, briede, sjouwe we gewoan troch. Ik ha noch efkes tocht, soe in boerd mei de tekst “fûgeltsjes fan rjochts ha foarrang” ek helpe, mar wit al lang dat kalasjnikovs better wurkje. Mar dat docht Steatsboskbehear net. Nee, dy spanne no read-wite linten tusken de buordsjes. Earme fûgeltsjes, want wy Nederlanners binne dan hiel rap om te sizzen: “ja mar oan hokker kant fan it read-wite lint woe Steatsboskbehear my eins ha. Of “we tochten: se ha alfêst in stik ôfset foar ien of de oare Oerolhappening”. En somtiden helpe buorden hielendal net. As blykt dat guon jonges, want dat sil it wol west ha, in brúnfisk by Seisbierrum, al of net noch krekt yn libben, efter in auto oansleept ha oer de dyk en útelkoar skuord, dan is der mar ien kommintaar mooglik. Dy ha in boerd, watte, in plaat foar de harsens."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)