Rydbewiis kwyt nei ynheljen fia de flechtstrook
De plysje hat tiisdeitemiddei op de A32 by Wolvegea it rydbewiis fan in 51-jierrige automobilist út Kampen ynnaam. De man helle frachtweinen fia de flechtstrook rjochts yn.
De man ferklearre dat hy dat altyd die om't hy in hekel hat oan frachtweinen en oare auto's dy't stadich ride. De man moat him melde foar in kursus oer rydgedrach.