Frou rekket beknypt yn auto nei botsing tsjin in beam

02 mrt 2016 - 08:32

Op de Folgersterloane by De Houtigehage is woansdeitemoarn in auto tsjin in beam botst. De bestjoerster rekke troch de klap beknypt yn har auto en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

By de behanneling fan it slachtoffer hat ek de bemanning fan de traumahelikopter holpen. De plysje ûndersiket hoe't de auto fan de dyk reitsje koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)