Anne Sjoukema aktyf by kampanje Hillary Clinton

02 mrt 2016 - 08:23

Anne Sjoukema fan Ljouwert sit yn it kampanjeteam fan Hillary Clinton en tiisdei wie it dan ek foar har in grutte dei: Super Tuesday. Op dy dei wurde yn in grut tal steaten foarferkiezings hâlden om de presidintskandidaten te kiezen foar de demokraten en de republikeinen. Foar Anne dus in lange, drokke dei mei in foar Hillary Clinton goed resultaat, sy liket de kandidaat te wurden fan de demokraten.

Sjoukema hat net iens safolle mei polityk, mar is wol gek op Amearika, se wol foar har 35e jier alle Amerikaanske steaten besocht hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)