Mooglik tredde termyn by mediadebat, Dekker wol wet oanpasse

Steatssekretaris Sander Dekker sil de nije Mediawet oanpasse, mar hy wol al dat de Earste Keamer der alfêst akkoart mei giet. Dêrnei sille allinnich de ûnderdielen foar de regionale omroppen jilde, de rest noch net.
Dekker moat freed foar 12 oere mei in nije brief komme. De kâns op in tredde termyn op tiisdei 8 maart is grut. Dat sei ferslachjouwer Onno Falkena, dy't foar Omrop Fryslân it debat yn Den Haag folget.
De toan fan it mediadebat wie tiisdei hiel oars as begjin febrewaris. Dekker wie no better taret op krityske fragen fanút de Earste Keamer. As de nije wet der komt, hat dat ek gefolgen foar de Omrop. Dekker wol dat de Omrop in ûnderdiel wurdt fan de RPO, de nije lanlike organisaasje fan alle regionale omroppen.
De Fryske senatoaren Hendrik ten Hoeve (OSF) en Joop Atsma (CDA) fine dat gjin goed plan.
Dekker sei yn it debat lykwols dat er mei faasje fierder wol mei de RPO. Elke moanne tiidferlies soarget foar mear problemen by de regionale omroppen, seit er.