Boalsert hat feilichste bedriuweterreinen fan it Noarden

01 mrt 2016 - 21:38
  • Bedriuweterrein De Marne yn Boalsert

De bedriuweterreinen fan Boalsert binne de meast feilige fan hiel Noard-Nederlan. Dat docht bliken út de jongste sifers fan de plysje. Yn hiel 2015 is der mar ien kear ynbrutsen.

De ûndernimmers wurkje gear yn de feriening Parkmanagement Boalsert en hawwe trije jier lyn nije ôfspraken makke mei it partikuliere bewekkingsbedriuw dêr’t se mei wurkje. Dat rydt no tusken tolve oere nachts en seis oere moarns kontinu rûn tusken de bedriuwen.

Dat wurket sa goed dat se de ôfspraken no ek útwreidzje wolle nei de fersoargingshuzen en âldereinwenten yn de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)