Ynwenners Noard-Nederlân fiele har feiliger

01 mrt 2016 - 18:06

Ynwenners fan Noard-Nederlân fiele har feiliger as it lanlik gemiddelde. Se ha minder problemen yn de buert, en binne minder faak it slachtoffer fan in misdriuw. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn Fryslân en Grinslân nimme minsken oer it algemien minder previntive maatregels yn en om it hûs, lykas alarmynstallaasjes en bûtenferljochting. Neffens de plysje binne dy dingen wol belangryk, omdat ynbrekkers der in hekel oan ha.

Stadichoan is der hieltyd mear tefredenheid oer it funksjonearjen fan de plysje. Plysjesjef Oscar Dros is dêr tige wiis mei. "Het doet mij goed te zien dat inwoners uit Noord-Nederland zich veilig voelen en tevreden zijn over het functioneren van de politie. Maar u mag van ons verwachten dat wij ons, samen met partners en burgers, blijven inspannen om de veiligheid te verbeteren."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)