Lêste seizoen foar keatser Daniël Iseger

01 mrt 2016 - 17:50

Keatser Daniël Iseger begjint yn maaie oan syn lêste seizoen as haadklassekeatser. Dêrnei hâldt hy der mei op. De Ljouwerter wurdt dit jier 36 jier, krijt hjir en dêr wat lêst fan de lea en fynt dat it moai genôch west hat.

Iseger hat sûnt 1999 op it heechste nivo keatst. Hy wûn seis kear de PC yn Frjentsjer en waard dêr trije kear kening. De bûnspartij (it Nederlânsk kampioenskip) skreau hy trije kear op syn namme. Yn 2009 en 2014 wie hy winner fan it punteklassemint. Iseger keatst al seis jier mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra.

De formaasje is mei 56 oerwinnings de meast súksesfolle formaasje ea. Daniël Iseger wûn oant no ta 112 earste, 82 twadde en 54 tredde prizen. Goed foar in puntetotaal fan 554. Hy waard 25 kear kroand ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)