Ien advokaat yn Noard-Nederlân boykottet plysjeferhear

01 mrt 2016 - 17:47

Yn hiel Noard-Nederlân is ien gefal bekend fan in advokaat dy't tiisdei wegere hat by in plysjeferhear te kommen. Dat wie yn Ljouwert en de ûnderfreging gong net troch. Advokaten yn Noard-Nederlân ha moandei oanjûn dat se plysjeferhearen boykotte sille, om te protestearjen tsjin de nije regels foar ferhearen dy't tiisdei yngien binne.

De advokaten fine dat se net genôch sizze kinne en dat se temin betelle wurde. De minister fan Justysje wol no mei de advokaten om tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)