Bitgumer tomatekweker drok dwaande mei reparaasjes nei brân

© Kappers Media
Tomatekweker Cock van Overbeek fan Bitgum hopet woansdei wer gebrûk meitsje te kinnen fan syn bewetteringsynstallaasje. De ynstallaasje rekke moandei stikken by in koarte brân yn syn bedriuw. Daliks nei de brân binne monteurs begûn mei de reparaasjes. Mei de mingynstallaasje kinne oan de tomateplanten ek dongstoffen jûn wurde, no krije dy allinne wetter.
Oft de tomaten ek noch brûkt wurde kinne foar konsumpsje, heart Van Overbeek tongersdei. Op dit stuit wurdt dêr yn in laboratoarium ûndersyk nei dien.
In stik fan de loads dêr't de brân wie, moat noch fernijd wurde. Dat wurk begjint woansdei ek.