Mediadebat: "Aparte mediaried foar Fryslân" seit OSF

01 mrt 2016 - 12:24

Yn it mediadebat yn de Earste Keamer hat OSF-senator Hendrik ten Hoeve pleite foar de oprjochting fan in aparte mediaried foar Fryslân. De mediaried moat der foar soargje dat it Fryske media-oanbod oerein bliuwt by de kommende reorganisaasje fan de regionale omroppen. De mediaried soe ek foech krije moatte oer it programmabelied fan de Omrop, de finânsjes en de beneaming fan de haadredakteur.

Ten Hoeve hat ek in moasje hjiroer yntsjinne. Ferskate partijen, lykas de PvdA, hawwe oanjûn de moasje te stypjen.

CDA-senator Joop Atsma fynt dat eltse regionale omrop in eigen konsesje hâlde moat. Dat is hiel oars as yn it wetsfoarstel fan steatssiktaris Sander Dekker, want dy wol ien konsesje foar alle regionale omroppen. 

De Earste Keamer bliuwt kritysk oer de nije mediawet en hat noch in soad fragen oan steatssiktaris Dekker. Dy kin noch even neitinke oer de antwurden dy't er jaan sil, want dat bart pas jûn om njoggen oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)