Gjin Humphrey's yn Snits

25 apr 2012 - 11:06

Der komt gjin restaurant yn it eardere Hotel Ozinga yn Snits. Hoarekabedriuw Humphrey's soe yn it hotel in twadde festiging iepenje neist Ljouwert. It bedriuw hat him weromlutsen om't it de finansiering net rûn krijt. Dat seit de eigener fan it gebou, wenningstifting De Wieren yn Snits. It is ûndúdlik wat der no mei it hotel bart. Mooglik siket de wenningstifting in oare hoareka-ûndernimmer, mar miskien stapt de stifting ek wol hielendal fan in hoarekabestimming ôf.

De Wieren kocht Hotel Ozinga yn 2008. Dêrfoar stie it jierren leech en wie it gebou behoarlik fertutearze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)