FNP-byienkomst oer takomst fan de soarch lûkt 250 minsken

In temajûn oer de takomst fan de soarch yn Súdwest-Fryslân hat moandei sa'n 250 besikers lutsen. De FNP yn Súdwest-Fryslân organisearre de jûn om te hearren wêr't it neffens de belutsenen mei de soarch hinne moat yn 'e takomst.
Neffens Douwe Blom, soarchwurdfierder fan de FNP yn Súdwest-Fryslân, is it krekt no goed om dizze temajûn te hâlden. "We hawwe hjir in thússoarchynstânsje dy't it kontrakt mei de gemeente net langer oanhâlde kin. Ik tink dat dit it goede momint is om te praten oer hoe't we no fierder wolle."
As gastsprekker kaam Jos de Blok oan it wurd. Hy is de oprjochter fan Buurtzorg Nederland. Dat bedriuw is sûnt de oprjochting yn 2006 útgroeid ta in organisaasje mei 70.000 kliïnten.