Monteur is 24 oeren deis by brêgen yn de Ofslútdyk

29 feb 2016 - 21:07

Der is 24 oeren deis in monteur op de Ofslútdyk oanwêzich, om derfoar te soargjen dat steurings yn de brêgen earder ferholpen wurde kinne. Dat hat ferkearsminister Melanie Schultz van Haegen de Twadde Keamer wite litten nei oanlieding fan fragen fan Lutz Jacobi (PvdA) en Aukje de Vries (VVD).

Fan 1 jannewaris 2014 ôf hawwe der 31 steurings west oan de brêgen. Ryskwettersteat hâldt ekstra ynspeksjes op de Ofslútdyk om problemen foar te kommen. Der wurdt noch besjoen oft der noch mear maatregels nedich binne.

Fan de beide brêgen yn de Ofslútdyk sil dit jier it betsjinnings- en bestjoeringssysteem ferfongen wurde. By Koarnwertersân begjinne dy wurksumheden op 21 maart en duorje oant 1 maaie. De brêge fan Den Oever wurdt tusken 5 septimber en 16 oktober oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)