Wol it fjild yn om te aaisykjen, mar de aaien lizze litte

Gewoanwei is 1 maart de datum dat de aaisikers it lân yngean om te aaisykjen. Mar it is dit jier foar de twadde kear achterelkoar dat it aaisykjen ferbean is. Minsken meie lykwols it lân wol yn om te sykjen, mar de aaien moatte lizzen bliuwe.
Kommissaris fan de Kening John Jorritsma woe it earste aai op it fynplak lotterje. De fûgelwacht fan Grou is tsjin dat plan en sil - as dat it gefal wêze soe - dêr net oan meiwurkje. Sy binne it iens mei it ferbod op aaisykjen, fine it net yn it belang fan de ljip, allinnich neisoarch is nedich.