SC Hearrenfean wol tribune foar fisueel beheinden

SC Hearrenfean hat plannen foar de realisaasje fan in tribune foar blinen en minsken dy't min sjogge. De klup is dwaande mei in ûndersyk nei de helberens dêrfan. As it finansjeel út kin, wol de klup dêr by de lêste thúswedstriid fan dit seizoen tsjin Grins mei proefdraaie. Hearrenfean hat sinjalen krigen dat der fraach is nei in saneamde blinetribune.
De klup wol it stadion sa tagonklik mooglik meitsje. Sy hawwe dêrom ek al in saneamd rolstoelplatfoarm.
It ekspertizesintrum foar blinen, Visio, helpt Hearrenfean by it opsetten fan de blinetribune. Der binne neffens Visio al acht klups yn de earedifyzje dy't ek sa'n tribune hawwe.