Erwin Zeinstra yn aksje op it EK fuotbal yn Frankryk

Erwin Zeinstra fan Dronryp komt dizze simmer wer yn aksje as assistint-skiedsrjochter op it Europeesk kampioenskip fuotbal. Hy foarmet wer in team mei skiedsrjochter Björn Kuipers en de oare assistint Sander van Roekel. De skiedsrjochterskommisje fan de UEFA hat dat hjoed bekend makke.
Yn desimber waard al bekend dat Björn Kuipers nei it EK mocht, mar no is it definityf wurden. Kuipers, Van Roekel en Zeinstra foarmje al jierren in fêst team en wiene ek al dwaande mei de tariedings foar it kommende EK.
Se binne dan ek bliid mei it beslút fan it fuotbalbûn. De trije skiedsrjochters wiene ek al aktyf op it foarige EK yn Poalen en Oekraïne.