Dokkum krijt fan april ôf elke moanne in keapsnein

29 feb 2016 - 14:29
  • De binnenstêd fan Dokkum

Mei yngong fan april is der elke earste snein fan de moanne in keapsnein yn Dokkum. De winkels meie dan iepen tusken tolve en fiif oere. Ek op oare lokaasjes yn de gemeente Dongeradiel kinne de winkels dan iepen. Supermerken en winkels yn Esonstêd en op de pier fan Holwert meie alle sneinen iepen.

Der is lang praat oer de keapsnein yn Dongeradiel. Yn de simmer fan 2014 is der in proef mei dien. Ferline jier is besletten om de keapsnein yn te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)