Brân by sporthal Ljouwert

25 apr 2012 - 10:32

By in sporthal oan it Kealledykje yn Ljouwert hat tiisdeitejûn let brân west. Tsjûgen seagen dat in kontener dy't tsjin de sporthal oan set wie yn brân stie. De brânwacht kaam en seach dat it om twa brânende konteners gie. It fjoer wie gau út, mar der is wol reek- en wetterskea. De plysje giet der fan út dat it om brânstichting giet en ûndersiket dat.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)